"Fergunnings foar nijbou kantoaren halt taroppe"

20 maaie 2015 - 14:36

De provinsje en de gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân, Smellingerlân en It Hearrenfean wolle de nijbou fan kantoaren in halt taroppe. Se wolle yn prinsipe gjin nije fergunnings ôfjaan foar nijbou. Se hoopje dêrmei de tanimmende leechstân te kearen.

Yn Fryslân is de leechstân op it stuit sa'n fyftjin prosint, wylst dat idealiter op maksimaal fiif prosint sitte soe. Gemeenten sille de kwaliteit fan de kantoarromte yn kaart bringe en besjen wêr't leechstân op de loer leit.

Trefwurden: 
nijbou fergunnings kantoaren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)