Omrop TIP: wa wint it Grut Frysk Diktee?

20 maaie 2015 - 13:54

Al trije kear op rige wûn André Looijenga it Grut Frysk Diktee. Wit er ek in fjirde kear te winnen? It Frysk Diktee waard tiisdeitejûn foar de trettjinde kear hâlden yn de steateseal fan it provinsjehûs yn Ljouwert. Omrop Fryslân stjoert it diktee woansdeitejûn út. It programma begjint om 18:20 oere. De dikteetekst is dizze kear skreaun troch skriuwer Ferdinand de Jong. Omrop-presintatrise Karen Bies lêst de dikteetekst foar.

Njonken de 35 kwalifisearre dielnimmers dogge der ek in oantal bekende Friezen mei.

It giet ûnder oare om telefyzjekok Reitse Spanninga, sjongeressen Iris Kroes, Elske DeWall en Griet Wiersma, en Jannewietske de Vries en Lutz Jacobi út de polityk. Minsken thús kinne fansels ek meidwaan. Nei ôfrin fan de útstjoering wurdt it diktee publisearre op omropfryslan.nl/fryskdiktee.

De earste priis bestiet út in ‘Gouden dakje’ en in pinne mei ynskripsje. De bêste bekende Fries krijt in ‘Laaien dakje’. De organisaasje fan it diktee is yn hannen fan de Afûk, Cedin Expertisecentrum Meertaligheid, de Fryske Akademy en Omrop Fryslân. Meiprate oer it diktee of oer de útstjoering kin op Twitter fia #diktee2015.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)