Feanster stelt mobyltsjes en portemonnee út kantoar

20 maaie 2015 - 11:35

In 44-jierrige man fan It Hearrenfean is tiisdeitemiddei betrape op it stellen fan mobyltsjes en in portemonnee út in kantoar oan de Tolhúswei yn syn wenplak. De man wie it gebou mei in smoes binnenkaam.

Nei de stellerij wie er útnaaid, mar de plysje koe de fertochte op basis fan syn sinjalemint letter op de Gedempte Molenwijk oppakke. Yn de bûse hie er ien fan de stellen telefoans. De man sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)