Opknapt rekreaasjesintrum by De Leien weriepene

20 maaie 2015 - 10:21

Steatsboskbehear weriepenet woansdei it deirekreaasjesintrum by De Leien. Dat is hielendal opknapt om besikers fan it sintrum en toeristen mear mooglikheden te jaan foar rekreaasje en in bettere tagong ta de natuer te bieden. Steatsboskbehear en Paviljoen De Leyen wurkje hjiryn gear.

Yn it paviljoen kinne kursussen jûn wurde. Ek kin De Leyen selskippen de mooglikheid jaan om mei de boskwachter de natuer yn te gean. Fierder binne der bûten ferskate boarterstastellen pleatst dêr't jonge besikers gebrûk fan meitsje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)