GasTvrij Terschelling hâldt manifestaasje yn Den Haach

20 maaie 2015 - 07:33
  • Poster tsjin gasboarrings op Skylge

GasTvrij Terschelling organisearret oare wike woansdei yn Den Haach in manifestaasje tsjin de gaswinning op it eilân. Se dogge dat yn gearwurking mei de Waadferiening en de Feriening Miljeudefinsje. Op 27 maaie is der in enerzjydebat yn de Twadde Keamer. Dêrby komt ek de foarnommen gaswinning op Skylge, troch Tulip Oil, oan 'e oarder.

By de manifestaasje sjonge de aksjefierders ek it Skylger protestlied. Gastvrij Terschelling is sûnt febrewaris dwaande om de gaswinning op Skylge te kearen. Harren petysje is yntusken al 25.000 kear tekene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)