Ferslavingssoarch foarearst net nei It Hearrenfean

19 maaie 2015 - 21:57
  • Soad minsken by bewennersjûn

De komst fan ferslavingssoarch Noard-Nederlân, VNN, nei It Hearrenfean giet foarearst net troch. Dat is tiisdeitejûn tasein by in ynformaasjegearkomste yn it gemeentehûs. De VNN soe ien fan de gebouwen fan de GGZ hiere yn It Hearrenfean Noard, mar de GGZ wol earst yn petear mei de omwenners.

Op de byienkomst die bliken dat der in soad oerlêst is yn de wyk en dat minsken net sitte te wachtsjen op de komst fan de ferslaafden. Ut in enkête die bliken dat 80 persint tsjin is.

Der is benammen in grut gebrek oan fertrouwen yn de GGZ, dy't al in oantal jierren yn de wyk sit. De GGZ woe ien fan har gebouwen ferhiere om't se besunigje moatte. De VNN siket in plak om 22 ferslaafden op te fangen en dus hiene beide organisaasjes in hierkontrakt ôfsletten. De kommende moannen folget der noch in petear tusken de buert en de GGZ.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)