Belangstelling startersjûn Noardeast-Fryslân ferdûbele

19 maaie 2015 - 21:36

De dielname oan in jûn foar startende ûndernimmers yn Noardeast-Fryslân is yn in jier tiid ferdûbele. De gearkomste is organisearre troch de gemeenten yn de streek en wie tiisdeitejûn yn it gemeentehûs fan Kollum. Ferline jier kamen der noch fyftich minsken op ôf, mar dat binne der no al hûndert.

It is net folslein dúdlik hoe't dat komt, mar neffens projektlieder Ilona Broekhorst fan de gemeente Achtkarspelen hat in oantal minsken in útnoeging krigen fan it UWV.

Guon oanwezigen litte ek witte dat wurkleazens of de ekonomyske krisis fan de ôfrûne jierren in wichtige reden is wêrom't der safolle ferlet is fan ynformaasje oer it begjinnen fan in eigen bedriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)