Moerashynsteblom dochs wer fûn yn Fryslân

19 maaie 2015 - 19:37

De moerashynsteblom is werom yn Fryslân. Dat makket de botanyske feriening Herbarium Frisicum bekend. Sûnt de jierren ´80 wie de blom net mear yn it Fryske lânskip te sjen. Der waard lang tocht dat de soart útstoarn wie. Mar nei in syktocht is de moerashynsteblom dochs wer op twa plakken yn ús provinsje fûn: by Warkum en by Molkwar.

Yn Nederlân binne mear as 2000 soarten hynsteblommen. Fryslân hat de eigen soart moerashynsteblom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)