VPRO-priis foar reisplan Marjolein Visser út Snits

19 maaie 2015 - 18:45

Marjolein Visser fan Snits is winner wurde fan in lanlike priis foar it bêste reisplan. It giet om de saneamde 'VPRO Bagagedrager 2015'. Visser is as bêste keazen út twahûndert jonge skriuwers en sjoernalisten.

De ynwenster fan Snits hat in plan skreaun om mei in asylsiker werom te gean nei it thúslân. Mei Amir wol se weromreizgje nei Afganistan, it lân dêr't er út wei flechte is. Marjolein Visser wint 2500 euro en har ferhaal wurdt yn de VPRO-gids publisearre.

Marjolein Visser is masterstudint Psychology en Sûnens. Se studearre earder Kulturele Antropology en Unwikkelingsstúdzjes. By dy stúdzjes hat se ûnder oare wurke as ûndersykster by Flechtlingewurk. Visser is tige begien mei de problemen dy't migranten en flechtlingen ûnderfine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)