Ilse út Sint-Nyk skoart 100% op Citotoets

19 maaie 2015 - 18:19

Ilse Lolkema fan basisskoalle De Paedwizer út Sint-Nyk is ien fan de trije bern yn hiel Nederlân dy't in skoare fan 100% helle hat op de Citotoets. Sawat 166.000 learlingen út groep 8 makken ôfrûne moanne de toets. Trije famkes út Nederlân hawwe in skoare helle fan 100%. By sawol taal as rekkenjen hie Ilse dus alles goed.

De Citotoets is dit jier oer it algemien better makke as ferline jier. De totaalskoare leit dit jier heger as ferline jier. Dit jier wie de Citotoets foar it earst oan de ein fan it skoaljier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)