Lange file yn beide rjochtings op A7 nei kettingbotsing

19 maaie 2015 - 17:56
  • Kettinbotsing op de A7 by De Like

In kopsturtbotsing hat tiisdei oan de ein fan middei op de A7 laat ta lange files yn beide rjochtings. By Oostwoud yn Grinslân binne fjouwer auto's opinoar klapt. Dat wie yn de rjochting fan Drachten nei Grins. By de botsing binne twa minsken ferwûne rekke. Dêrtroch ûntstie in lange file.

Yn de oare rjochting, dus fan Grins rjochting Drachten, stiet ek in file. Dy is fan automobilisten dy't op de rem traapje fanwege it ûngelok en sjogge. Yn dy file stiet in auto stil mei in siedende motor. Dat feroarsaket ek opûnthâld.

UPDATE: Tsjin healwei sânen wie de file oplost. Op it hichtepunt begûn de file út it easten al foarby de stêd Grins, op de sneldyk út de rjochting Dútslân, sawat 11 kilometer. Yn de rjochting Drachten-Grins stie der sawat 6,5 kilometer file by De Like.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)