Iris Kroes wol "binnen 3 jier mei harp nei it Songfestival"

19 maaie 2015 - 19:50

Iris Kroes hat in doel: se wol binnen trije jier meidwaan oan it Eurovisie Songfestival. Mei har harp fansels. Dat skriuwt de Drachtster sjongeres yn in blog op har webside. As it net foar Nederlân kin, dan wol se ek wol foar in oar lân útkomme: "Ik wil het gewoon ontzettend graag".

Iris Kroes freget har ôf oft Nederlân tenei allinne 'grutte' artysten stjoere sil, no't it Europeeske sjongfeest wer hielendal hip is nei de dielname fan Anouk en Ilse DeLange. Dat soe se spitich fine, omdat se ek graach meidwaan wol.

Dêrom hâldt The Voice-winneres de doar iepen foar oare lannen dy't ynteressearre binne, sa skriuwt se. "Natuurlijk kom ik supergraag voor NL uit, maar ik schat die kans vrij klein in als de organisatie deze lijn qua artiesten voortzet en ze niet de moeite neemt om het gesprek aan te gaan met plannen wat ìk met mijn harp allemaal zou kunnen betekenen voor NL op het songfestival. Jammer jammer jammer….."

Iris is sels in grut fan fan it Eurovision Songcontest en hopet dan ek dat Trijntje Oosterhuis, de Nederlânske ynstjoering, wint. It sjongfestival is dit jier yn Eastenryk, de heale finale is tiisdeitejûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)