GGD warskôget foar gefaren fan ikeprosesjerûp

19 maaie 2015 - 16:41

De GGD Fryslân lit in warskôging útgean foar de ikeprosesjerûp. De earste rûpen binne no alwer yn Fryslân sjoen. Se sitte yn maaie en juny benammen yn ikebeammen.

Minsken dy't yn kontakt kaam binne mei de brânhierkes fan de rûpen kinne lêst krije fan jûkte, útslach ofse kinne lêst krije fan de eagen of luchtwegen. De GGD riedt oan om net mei bleate earms en skonken om te rinnen yn in gebiet dêr't de rûpen sjoen binne. As der dochs oanrekking west hat mei in rûp, kinne de hûd en de eagen it bêst goed ôfspield wurde mei wetter.

Trefwurden: 
GGD ikeprosesjerûp ikebeam
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)