Bijefjildsje en flintertún foar Aqua Zoo

19 maaie 2015 - 16:09

Bistepark Aqua Zoo by Ljouwert krijt sneon in bijefjildsje en in flintertún. It inisjatyf dêrfoar komt fan de organisaasje fan it Elfsteden Bijenlint Fryslân. Dy is nominearre foar de Nationaal Groenfonds Natuurpriis 2015. Om dy priis binnen te slepen, moatte de gadingmakkers wat moais organisearje foar de feest-mei-de-natuerdagen dy't dit wykein hâlden wurde.

De minsken fan it bijelint hawwe derfoar keazen om yn gearwurking mei Aqua Zoo it bistepark op te fleurjen mei blommen en planten. In groep bern helpt dêr sneon by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)