Buertferiening yn Aldeboarn krijt label feilich ferkear

19 maaie 2015 - 15:09

In buertferiening yn Aldeboarn krijt freed it buertlabel 'feilich ferkeer' fan Veilig Verkeer Nederland. De buertferiening set him yn foar de feiligens fan de strjitte Paulus Folkertsma Herne, omdat dêr te hurd riden wurdt.

De feriening hat al 30-kilometer-stikkers útdield oan de wykbewenners. Der is ek in selsmakke flitspeal delset om omtinken te freegjen foar de ferkearsfeiligens. De buertferiening wol de kommende jierren noch mear aksje fiere. It label fan Veilig Verkeer Nederland is bedoeld as ekstra stipe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)