Fakbûnen: "Aksjes op komst by rederij Doeksen"

19 maaie 2015 - 12:20
  • Rederij Doeksen

Aksjes op de fearboaten fan rederij Doeksen lykje net langer foar te kommen. It ultimatum dat fakbûn FNV yn it CAO-konflikt steld hie oan de rederij, rûn om 12 oere ôf. Doeksen is net op it ultimatum yngien. De rederij hat noch wol foarstellen dien om de fakbûnen yn de mjitte te kommen, mar dat hawwe de bûnen ôfwiisd.

Der komme neffens it FNV aksjes dy't fergelykber binne mei de aksje fan ferline wike by rederij Wagenborg. Fearboaten giene doe letter fuort. De fakbûnen wolle hegere leanen en bettere roasters foar de meiwurkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)