Ljouwerter ‘befrijingspoppe’ yn Kanadeeske media

19 maaie 2015 - 11:22

It ferhaal fan de Ljouwerter ‘befrijingsbaby’ Theo Hilbert krijt in wol hiel bysûnder sturtsje. Hilbert wie te gast yn de spesjale Befrijingsútstjoering fan Omrop Fryslân by it defilee op it Wilhelminaplein yn Ljouwert. De dêr oanwêzige feteranen en harren famyljes wiene sa ûnder de yndruk fan syn ferhaal, dat se it no graach by Kanadeeske media ûnder de oandacht bringe wolle. Sa hoopje se mear te witten te kommen oer de biologyske heit fan Hilbert.

Theo Hilbert, dy’t yn april 1946 berne is yn Ljouwert as Taeke Poelstra, wit allinnich dat syn biologyske heit in Kanadeeske soldaat wie. In namme of foto hat er net. Syn mem, Jantje Poelstra, dy’t jong ferstoarn is, hie yn de simmer fan 1945 koart omgong mei in Kanadeeske soldaat. Se wenne yn de Catharinabuert yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)