Reedrider Hein Otterspeer oanriden by fytstraining

18 maaie 2015 - 20:35
  • Reedrider Hein Otterspeer oanriden by fytstraining

Reedrider Hein Otterspeer fan It Hearrenfean is moandei ferwûne rekke, doe't er by in fytstraining yn botsing kaam mei in auto. Dat waard bekend makke op de webside fan de 26-jierrige sprinter. It ûngelok wie oan de ein fan de middei yn it Grinslanner Sebaldebuorren.

De reedrider is oerbrocht nei it sikehûs foar ûndersyk. De nûmer twa fan it WK sprint hat lêst fan it skouder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)