Rop om beskerming bedrige beamsingels yn Eaststellingwerf

18 maaie 2015 - 19:28
  • Tûke fan in eskebeam

De singels fan eskebeammen yn Eaststellingwerf moatte in beskerme status krije. Dat wol GrienLinks yn 'e gemeente. Eaststellingwerf is it iennige plak yn Fryslân mei eskesingels. Dêr binne al in soad eskebeammen (essen) opoffere oan wenningbou. GrienLinks wol dat it lânskip behâlden bliuwt en dat de eskebeam in beskerme status krijt yn Eaststellingwerf.

Oer it lânskip yn Eaststellingwerf is in rapport ferskynd. Bliken docht dat it der net better op wurden is. De útkomsten fan it rapport wurde takom wike besprutsen yn de gemeenteried.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)