Grientetún mei Fryske grienterassen yn Park Vijversburg

18 maaie 2015 - 16:37
  • Wurkje yn de grientetún by Bosk fan Ypey, oftewol Park Vijversburg

Park Vijversburg yn Tytsjerk kriget der in grientetún by. Dêr komme âlde Fryske grienterassen, lykas Wâldbeantsjes en ierappelsoarten lykas Wâldgieltsjes te stean. Fan 'e wike wurde de earste 2500 ierappels set. Dat wurdt dien troch kliïnten fan soarchynstelling De Noorderbrug. Takom freed komme der nochris 500 ierappels yn de grûn by.

Oer in pear moannen kin rispe wurde. In part fan de opbringst giet nei de itensbanken fan Tytsjerksteradiel en Ljouwert.

Byldzjend keunstner Tobias Rehberger út Dútslân soarget derfoar dat de grientetún by de Bosk fan Ypey, sa't Park Fiversboarch ek wol neamd wurdt, fierder ynrjochte wurdt. Hy wurket dêrby mei it tema 'de tún fan beppe'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)