Undernimmer socht foar nij toeristesintrum Ofslútdyk

18 maaie 2015 - 15:30

De oanmelding foar ûndernimmers dy't it nije toeristegebou by Koarnwertersân opsette en beheare wolle, is iepensteld. It gebou moat yn 2018, mei Ljouwert Kulturele Haadstêd, klear wêze. De projektlieders fan De Nieuwe Afsluitdijk binne op 't heden op syk nei ûndernimmers dy't dat nije sintrum ta in attraksje fan komsa meitsje kinne.

De gadingmakkers moatte in soad jild en ûnderfining yn soksoarte fan toerisme hawwe. Yn it gebou moatte 'eigentydske, ynspirearjende en edukative attraksjes' boud wurde, it leafst nei Amerikaansk model.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)