Jonges ferniele wachthokje op stasjon Harns-haven

18 maaie 2015 - 11:05

Twa jonges út Harns fan 13 en 14 jier binne sneintemiddei yn harren wenplak oppakt foar fernieling. Op it stasjon Harns-haven hiene se in wachthokje fernield. Tsjûgen seagen dat en warskôgen de plysje. Doe't de jonges de plysje seagen, naaiden se út op in fyts. De plysje koe se eefkes letter oanhâlde.

Nei ferhoar op it buro hawwe de twa proses-ferbaal krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)