Feanster besiket stellen fytsen troch te ferkeapjen

18 maaie 2015 - 10:31
  • Fytsestalling

De plysje hat sneintejûn in man fan 24 jier fan It Hearrenfean oanhâlden. Yn de skuorre by syn wenning fûn de plysje seis fytsen dy't nei alle gedachten allegear stellen wiene.

De fertochte hie ien fan de fytsen op ynternet te keap oanbean. Doe't in potinsjele keaper fia de app 'Stop Heling' it frame-nûmer fan de fyts kontrolearre, die bliken dat dy stellen wie. De plysje waard warskôge. Dy ûndersiket noch fan wa't de fytsen binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)