Frou út Noardwâlde belutsen by botsing by Meppel

18 maaie 2015 - 10:17

In ynwenster fan Noardwâlde is sneintemiddei ferwûne rekke by in botsing yn Meppel. De 56-jierrige frou woe mei har auto ôfslaan nei Vledder. Fan de oare kant kaam in 31-jierrige autobestjoerder fan Meppel, dy't rjochttroch ride woe. In botsing wie it gefolch.

De frou út Noardwâlde is foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs. De frou dy't by har yn auto siet, moast mei ferwûnings oan de nekke opnaam wurde. De bestjoerder út Meppel is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)