Mariatsjerke Bears krijt âld flierkleed werom nei 70 jier

17 maaie 2015 - 17:32

De Mariatsjerke fan Bears krijt nei 70 jier in flierkleed werom. It kleed lei eartiids yn de konsistoarje, mar doe't dy opknapt waard, waard it 140 jier âlde kleed ferkocht oan frou Heeringa fan Deinum. Dy joech it kleed oan frou Belgsma fan Grou, yn ruil foar naai- en ferstelwurk, dat sy foar frou Heeringa die.

Belgsma hat it kleed jierrenlang brûkt, mar it leit no oprôle op souder. Sy jout it kleed no werom oan de tsjerke yn ruil foar in flesse bearenburch. It kleed is noch as nij en wurdt op 21 maaie oerdroegen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)