Botsing mei ferskate auto's op bedriuweterrein-west Ljouwert

17 maaie 2015 - 15:54

By in botsing op de krusing fan de Fahrenheitwei en de Skinkeskâns binne sneintemiddei twa minsken ferwûne rekke. Ien fan de ferwûnen is nei it sikehûs brocht, de oare waard op it plak fan it ûngelok behannele. It ûngelok barde om kertier oer trijen. Twa auto's botsten midden op de krusing, wêrtroch ien auto mei de sydkant tsjin in peal botste.

Neffens in tsjûge hat ien fan de auto's mooglik troch read riden. De krusing is ôfsletten yn ferbân mei it ûndersyk. It ferkear dat út Ljouwert wei de Heak op wol moat omride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)