Massaal applaus foar materiaalman Siep Lijzenga

17 maaie 2015 - 15:20

De fans fan Cambuur hawwe sneintemiddei mei in massaal applaus ôfskied naam fan materiaalman Siep Lijzenga. Lijzenga hat 28 jier soarge foar it materiaal en de wask fan de klup en giet no mei pensjoen.

Supporters waarden oproppen om yn de wedstryd tsjin Willem II te klappen foar Lijzenga. Dat applaus kaam der yn de 28e minút, sjoen it tal tsjinstjierren dat Lijzenga der opsitten hat. De taken fan Lijzenga wurde oernaam troch Paul Jansen.

Trainer Henk de Jong folge it applaus fan de ynfalidetribune. Hy sit yn in rolstoel nei de operaasje oan syn knibbel.

 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)