Spesjale poppe foar bern yn asylsikerssintrum Burgum

17 maaie 2015 - 14:23

De bern yn it asylsikerssintrum fan Burgum krije ein dizze moanne de spesjale poppe Selvy. Dy is bedoeld om de bern stipe te jaan en te helpen by it ferwurkjen fan se allegearre meimakke hawwe. Selvy hat ek in spesjaal fakje dêr't de bern in geheim yn ferstopje kinne.

It inisjatyf foar de poppe komt fan Stichitng De Vrolijkheid, dy't kreative aktiviteiten organisearret foar bern yn asylsikerssintra. Doel is dat alle bern yn de Nederlânske sintra de spesjale poppe krije.

Trefwurden: 
Burgum AZC poppe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)