Skylger sloepen winne HT-roeirace

17 maaie 2015 - 12:01
  • De West Arvada frouljus roeiploech fan Skylge wûn de HT-race 2015

It team fan WBS-Mammoet út West-Skylge hat dit jier mei de Gouteyck de HT-roeirace fan Harns nei Skylge wûn. Ek it twadde plak wie foar Skylge: Terschelling Recreatie mei de sloep Arad. It tredde plak gie nei Albatros út Swolle.

Ek by de froulju gie de winst nei Skylge: De West Arvada frouljusroeiploech einige dêr foar Benwyvis (ek Skylge) en Pulp Fiction (Makkum). Mei-inoar diene der 131 sloepen mei oan de race fan Harns nei Skylge. It wie de 41e edysje fan de HT Race. It giet, yn ferbân mei ferskate protesten, om in foarriedige útslach.

Sneintemiddei wurde de protesten behannele. De útslach wurdt dan definityf fêststeld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)