Man út Sint-Jânsgea smyt mei stiennen nei plysje by MCL

17 maaie 2015 - 11:42

De plysje hat yn Ljouwert in 40-jierrige ynwenner fan Sint-Jânsgea oppakt fanwege agressyf gedrach. De man waard op sokken fûn by sikehûs MCL. Doe't plysjes him oansprutsen begûn de man mei stiennen te smiten, de plysjes koenen dy krekt ûntwike.

Mei help fan pepperspray koe de man oppakt wurde. De plysje wie oproppen omdat de man him ek yn it sikehûs agressyf gedroech. De man wie krekt ûntslein as pasjint, mar woe it sikehûs net ferlitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)