Balk ferliest yn Vriezenveen fan DETO

16 maaie 2015 - 16:41

De fuotballers fan VV Balk slaggen der sneon net yn om punten te pakken yn de earste wedstriid om promoasje nei de haadklasse. Yn Vriezenveen ferlearen de Balksters mei 1-0 fan DETO. Yn de 7e minút wie it raak foar DETO. Fuort dêrnei miste de thúsploech in strafskop en kaam Balk mei de skrik frij. Ek nei rêst wie de earste kâns fuortendaliks foar DETO. Yn de lêste minút krige Wybren Altenburg de bêste kâns op de Balkster lykmakker, mar hy miste.

Nije wike nimt de ploech fan trainer Dick Sangers it thús op tsjin Urk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)