ALS-aktivist Ronald de Haan ferstoarn

16 maaie 2015 - 16:37

De stichting ALS Friesland hat bekendmakke dat Ronald de Haan fan Jirnsum ferstoarn is. De Haan hie de slimme sykte ALS. Hy hat him jierrenlang ynset foar mear bekendheid foar de sykte.

Neffens syn freonen fan de stichting ALS Friesland slagge hy der altyd yn om posityf te bliuwen. Ronald de Haan is tongersdei ferstoarn yn de leeftyd fan 39 jier.

Trefwurden: 
ALS Ronald de Haan
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)