600 alvestêdekuierders oer de einstreek yn Ljouwert

16 maaie 2015 - 14:03
  • Lykle Bleekveld mei Tom Yntema, de foarsitter alvestêdekuiertocht
  • De medaljes lizze klear by de lêste stimpelpost yn De Harmonie
  • De stimpelkaart fan de Alvestêdekuiertocht
  • De lêste stimpelpost yn De Harmonie yn Ljouwert

Mei yn fiif dagen 209 kilometer yn de skonken, binne de kuierders fan de Alvestêdekuiertocht sneon oankaam by de lêste stimpelpost yn Ljouwert. Fan tiisdei ôf rûnen 600 kuierders yn fiif dagen lâns de Fryske alve stêden. Oer it lêste stik tusken Dokkum en Ljouwert diene de measte kuierders sneon sa'n fjouwer en heal oere.

Lykle Bleekveld kaam as earste oan by de stimpelpost yn stedsskouboarch de Harmonie. Hy die noch gjin trije en heal oere oer de lêste 29 kilometer. De tocht hie dit jier sa'n 20 útfallers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)