Bussjauffeurs teste ferkearssituaasje by stasjon

16 maaie 2015 - 11:26
  • De ferkearstest mei bussen by WTC Expo
  • Sa komt it stasjonsgebiet der út te sjen
  • De bussjauffeurs krije útlis oer de ferkearstest by it WTC

Bussjauffeurs teste sneon de nije ferkearssituaasje by it Ljouwerter stasjon. Dat gebiet giet de kommende jierren hielendal op de skeppe. Om te besjen oft de nije situaasje goed útpakt foar it ferkear is by it WTC-Expo in testparkoers útset. De test wurdt útfierd mei fjirtjin bussen. Nei de simmer wurde de plannen oanbestege en begjin takom jier kin it wurk oan it stasjonsgebiet dan útein sette.

It projekt moat yn 2017, noch foar it begjin fan it Kulturele Haadstêdjier, klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)