Minnertsgeaster mishannelet doarpsgenoat mei brekizer

16 maaie 2015 - 10:49
  • Ynbraak

In 55-jierrige man fan Minnertsgea is freedtejûn oanhâlden foar de mishanneling fan in 59-jierrige doarpsgenoat. It slachtoffer waard mei in brekizer op 'e holle en earm slein. It is net rjocht dúdlik wat it slachtoffer krekt oan de mishanneling oerhâlden hat.

De fertochte is oanhâlden en sit fêst foar neier ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)