Jonkje oanriden op De Terp yn Winsum

15 maaie 2015 - 20:18
  • It ûngelok yn Winsum

Op De Terp yn Winsum is freedtejûn in jonkje op strjitte oanriden troch in auto. Yn earste ynstânsje waard de traumahelikopter ek oproppen, mar dy koe nei tsien minuten wer werom fleane. It jonkje is mei de ambulânse oerbrocht nei it MCL yn Ljouwert.

De krekte tadracht fan it ûngelok is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)