Alvestêderoeimaraton mei fernijde startproseduere

15 maaie 2015 - 16:59
  • De dielnimmers dwaande mei de tariedings
  • Roeimaraton

Yn de Prinsetún sil freedtejûn de alvestêderoeimaraton wer úteinsette. Teams roeie dan yn estafettefoarm by de alve stêden del. De roeiers wolle probearje om it parkoersrekôr fan krapoan 17 oeren te ferbetterjen. Se moatte dan net allinne hurd roeie, mar ek flot wikselje. En it waar moat wat meiwurkje.

De start is oars as oare jierren. De earste 20 teams starte koart op inoar, sa moat it foar it publyk oantrekliker wurde. Der dogge dit jier in protte studinteteams mei, wêrûnder in soad út Dútslân.

De wedstriidteams ha allegearre in GPS oan board, wa't it wol kin se folgje op www.elfstedenroeimarathon.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)