Begryp foar 'ferfelende' aksje fearboatpersoniel

15 maaie 2015 - 12:20

Passazjiers fan de boat fan It Amelân nei Holwert fine it ferfelend dat se langer wachtsje moasten op de boat, mar ha wol begryp foar de aksjes. Dat wie de teneur freedtemoarn op de Amelanner kade. It Wagenborgpersoniel fiert aksje foar in bettere CAO. De boat fan healwei tsienen gong net, passazjiers moasten in oere langer wachtsje. De aksje wie organisearre troch fakbûnen FNV en CNV.

By rederij Wagenborg wurkje sa'n 100 minsken op de fearboaten nei It Amelân en Skiermûntseach. Se stake foar in heger lean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)