Feansters mei auto oer de kop op A7

15 maaie 2015 - 11:35
  • De swier skansearre auto fan de Feansters

In 25-jierrige man en in 22-jierrige frou út Surhústerfean binne tongersdeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de A7. By De Like helle de man in auto yn. Doe't hy werom woe nei de rjochter rydstrook ferlear hy de macht oer it stjoer en bedarre yn de berm. Hy sloech mei de auto oer de kop en rekke op de paralleldyk de auto fan in 68-jierrige automobilist út de gemeente Zuidhorn. De Feanster bestjoerder en syn passazjiere rekken ferwûne. De man en frou yn de oare auto kamen mei de skrik frij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)