131 sloepen begjinne oan 41e roeirace fan Harns nei Skylge

15 maaie 2015 - 08:31

Yn de haven fan Harns stean de bemannings fan 131 sloepen klear foar de jierlikse HT-race, de roeirace fan Harns nei Skylge. Foar de 41-ste kear wurdt dizze sloeperace organisearre. It wurdt nei alle gedachten in swiere edysje, want de wyn komt út it noardwesten en dat betsjut dat de sloepen hast de hiele rûte de wyn fol op kop hawwe.

De earste sloepen sille om tsien foar njoggenen ôfsette. De ferwachting is dat se om in oere as trije oankomme yn de haven fan Skylge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)