Jannick de Jong wurdt fjirde by earste wedstriid WK langbaan

14 maaie 2015 - 20:08

Jannick de Jong is tongersdei fjirde wurden by de earste wedstriid fan it WK langbaan yn it Dútske Herxheim. De Gordykster gersbaanracer waard yn de searjes trije kear twadde, ien kear earste en waard ien kear diskwalifisearre. Yn de heale finale waard Jannick de Jong twadde, yn de finale waard er fjirde. Winner en mearfâldich wrâldkampioen Joonas Kylmäkorpi út Finlân pakte mei 22 de measte punten. De Frânsman Dimitri Berge waard twadde mei 18 punten, de Dútser Michael Härtel tredde mei ek 18 punten. De Jong pakte 17 punten.

Fries om utens Theo Pijper helle 15 punten, goed foar in achtste plak. Dirk Fabriek hie in protte maleur mei syn materiaal. Hy waard tsiende mei sân punten. Yn 2014 waard Jannick de Jong twadde yn de WK searje. Dit seizoen wurdt der noch riden yn Eenrum (16-8), Vechta (12-9) en Morizes (19-9).

Trefwurden: 
WK gersbaan Jannick de Jong
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)