Spannende dagen foar Harkemase Boys

14 maaie 2015 - 16:25

Jan Vlap kin freed en sneon yn de prizen falle. De trainer fan Harkemase Boys is ien fan de nominearren foar de Rinus Michels Award. Dy lanlike priis wurdt elk jier útrikt oan de beste fuotbaltrainer by de amateurs. Freed wurdt yn Swolle dúdlik oft Vlap de winner wurdt. In dei letter spilet Harkemase Boys de bekerfinale tsjin Staphorst. Dat wurdt in bysûndere wedstriid foar de Snitser trainer.

Hy wûn noch nea de noardlike beker en sjocht lykas syn spilers út nei it duel op sportpark De Bosk. “Het leeft enorm in de groep”, fernimt Vlap.

De Harkiten wûnen de beker al fiif kear earder. De lêste kear wie yn 2013. Omrop Fryslân stjoert de bekerfinale tusken Harkemase Boys en Staphorst live út op radio en telefyzje. De útstjoering op telefyzje begjint om 16.45 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)