Spanning rint op foar premjêre 'Ro en Julia' yn Jorwert

14 maaie 2015 - 14:04
  • De spanning rint op by de spilers fan "Ro en Julia"

Op Himelfearstdei is de premjêre fan it puberiepenloftspul "Ro en Julia" yn Jorwert. It stik wurdt seis kear opfierd op in boerehiem krekt bûten it doarp. It iepenloftspul mei en foar pubers wurdt organisearre troch Blomfish. Doel is om it 'gat' tusken it berne-iepenloftspul en it folwoeksene-iepenloftspul op te foljen. Der binne gjin audysjes hâlden, elk fan 12 jier en âlder koe meidwaan. Woansdeitejûn seagen we by de generale reptysje.

Ro & Julia fertelt it bizarre ferhaal fan twa freondinnen mei ferskillende achtergrûn en leauwen.

Fan harren omjouwing meie se net meielkoar omgean en dat set de freonskip flink ûnder druk. Nettsjinsteande dizze oare ynfolling bliuwt it oarspronklike ferhaal fan Shakespeare's "Romeo & Julia" oerein. De foarstelling is twatalich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)