Dokkumer oarlochsslachtoffers op betinkingsplaat

14 maaie 2015 - 12:50
  • By it monumint yn de stêd waarden yn jannewaris noch krânsen lein

De santjin Dokkumers dy't yn de Twadde Wrâldoarloch omkaam binne wurde fan moandei ôf allegearre neamd op in betinkingsplaat op it Noarderbolwurk yn de stêd. Earder stie mar in part fan de nammen fan de slachtoffers op it monumintsje, omdat de oaren net bekend wienen.

Troch sykwurk fan Marissa Kikstra fan it Dockinga Kolleezje komt dêr no feroaring yn. Sy achterhelle foar in wurkstik alle slachtoffers. Marissa is moandei ek ien fan de minsken dy't de betinkingsplaat ûntbleatet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)