41.584 soa-tests yn 2012

08 apr 2013 - 11:52

It tal soa's yn Fryslân bliuwt stabyl. 41.584 Friezen hawwe har ferline jier ûndersykje litten op in geslachtssykte. En dat oantal is ûngefear itselde as yn 2011. Ek it tal positive testen bleau gelyk; 20 persint fan de besikers krige in positive test werom.

Under jongerein is chlamydia de meast foarkommende geslachtssykte. By homoseksuele manlju komme syfilis, gonorroe en hiv it measte foar. De Fryske sifers geane tsjin de lanlike trend yn. Dêr gie it tal testen en geslachtssyktes krekt omheech.

Neffens de GGD Fryslân komme der benammen mear prostituees en homoseksuele manlju del foar in test.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)