Brân yn restaurant De Hekseketel op Skylge

13 maaie 2015 - 14:06
  • Brân yn restaurant de Hekseketel op Skylge

Op Skylge hat woansdeitemiddei koarte tiid brân west yn in hoarekagelegenheid. Dat wie yn restaurant De Hekseketel op West. It fjoer soe ûnstien wêze yn it dak. Al gau skaalde de brânwacht op nei middelbrân.

De earste melding kaam krekt nei twa oere, en om tweintich oer twaen melde de brânwacht dat it fjoer ûnder kontrôle wie. It restaurant stiet oan de tichtbeboude Willem Barentszstrjitte op West. Minsken yn de omkriten waard oanret ruten en doarren ticht te hâlden.


Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)