Lintsje foar militêren fan Fleanbasis Ljouwert

13 maaie 2015 - 13:50
  • Militêren Fleanbasis Ljouwert krije lintsje

Militêren fan de fleanbases yn Ljouwert en Volkel krije woansdei in werinneringsmedalje opspjelde foar de missys yn Jordanië tsjin terreurorganisaasje IS en foar de beskerming fan it loftrom fan de Baltyske Steaten. Dy lêste missy is in skoft ferlyn al ôfsletten, mar boppe it Midden-Easten wurdt noch altyd flein.

De druk by de loftmacht is heech, seit generaal Schnitger. Der wurdt in soad frege fan de minsken, en ek fan it thúsfront. In part fan it personiel fan de fleanbasis Ljouwert is op 't heden aktyf yn it Midden-Easten.

Dy missy yn it Midden-Easten rint offisjeel fan 't hjerst ôf. Nei alle gedachten sil it kabinet derop oantrune de ynset te ferlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)