Nijbou paviljoen park Vijversburg yn Tytsjerk fertrage

13 maaie 2015 - 12:04

De nijbou fan it nije paviljoen op park Vijversburg yn Tytsjerk rint fjouwer moanne út. De glêzen panielen dy't spesjaal makke binne yn Sina passe net. It duorret noch wol twa moanne oant de nije panielen der binne.

It glêzen paviljoen komt oan de renovearre filla Vijversburg en is ûntwurpen troch arsjitekte Marieke Kums út Rotterdam en ferskate Japanske arsjitekten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)