Provinsje krijt 1150 hantekens tsjin ferkearsplan Hurdegaryp

13 maaie 2015 - 11:27

In soad minsken yn Hurdegaryp binne lulk op de provinsje Fryslân. De provinsje hat de koarte ferbining tusken Hurdegaryp en de Slachtedyk skrast, en dêr binne se yn it doarp poer op tsjin. In delegaasje Hurdegarypsters hat dêrom woansdeitemoarn 1150 hantekenings oerlange oan de deputearren Sietske Poepjes en Johannes Kramer.

De Hurdegarypsters tochten earst dat de ferbining mei de Slachtedyk bliuwe soe. No it doarp mei oare plannen konfrontearre wurdt, soarget dat foar reboelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)