Greiden Súd-Fryslân noch net wersteld fan mûzeskea

13 maaie 2015 - 10:23

It lân fan de measte boeren mei mûzeskea is noch net wersteld fan de mûzepleach fan de ôfrûne winter. Sa komt der folle minder gers fan it lân as oars, wat betsjut dat in soad boeren foer bykeapje moatte foar harren fee. De skea troch de mûzen is foar de measte troffen boeren fêststeld op in bedrach tusken de 60.000 en 100.000 euro.

Op dit stuit is der fan de mûzen folle minder te fernimmen as de ôfrûne winter, mar de boeren binne wol benaud foar in mooglike nije mûzepleach yn de hjerst fan dit jier.

De earste mûzepleach trof foaral it súdwesten fan Fryslân yn de trijehoeke De Jouwer, De Lemmer, Snits. Mar ek yn oare gebieten wienen op guon plakken in soad mûzen. Yn de omkriten fan Wommels wie it slim, en ek op en om de fleanbasis by Ljouwert wiene in soad mûzen. De provinsje ropt boeren op om der alles oan te dwaan om in nije pleach foar te kommen. Brussel hat tastimming jûn om boeren earder en langer de tiid te jaan om it lân te skuorren as dat nedich is. De provinsje hat ek tsien miljoen euro beskikber foar lienings oan boeren dy't slim troffen binne troch de mûzepleach en net by de bank terjochte kinne.

.

Trefwurden: 
greide mûzeskea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)